Hea! fan 12 septimber 2012

Op de Lauwershof yn Ingwierrum kweke se beien, framboazen, kersen, prûmen en noch folle mear fruit. It hat dit jier gjin goed fruitjier west, mar Marja Woudstra fan de Lauwershof hat it no wol drok mei it plôkjen fan de ripe appels. Mei de bernewein giet se by de appelbeammen del. De appels dy't al rotsje binne foar de baarch.

In dikke tsien jier lyn is de famylje Van den Oever yn De Blesse begûn mei it oanplantsjen fan harren 'oevertuin'. It is in gigantyske tún dêr't op 6000 kante meter in grut ferskaat oan planten en blommen te sjen is. De tún is ek tagonklik foar besikers. Ek minsken mei in rollator of rolstoel kinne hjir terjochte. Sa'n grutte tún is ek in soad wurk fansels, mar gelokkich is der ek noch tiid om gewoan fan de tún te genietsjen.
(foar mear ynformaasje sjoch www.deoevertuin.nl)

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)