Hea! fan 12 novimber 2014 18:20

Femke Wouda fan Kollumerpomp wol mar ien ding: keunstner wurde. En ek al is Femke noch mar 10 jier, se is no al drok dwaande mei har takomstige dreambaan. Se hat har eigen skildersatelier yn it túnhûs en it hûs fan har âlden hinget grôtfol mei har skilderijen. Har grutte ynspiraasjeboarnen binne Van Gogh en Mondriaan. En sa hopet Femke dat ek sy ea ûntdutsen wurdt as skilder.

En dizze kear stean der stamppotten op it menu yn Wommels. Manlju út Littenseradiel krije dêr itensiedersles fan kok Johannes Wiersma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)