Hea! fan 12 novimber 2013 17:40

Op 'e iisbaan yn Ljouwert ride skoalbern mei de stimpelkaart yn 'e hân de Alvestêdetocht. Se hawwe meidien oan it projekt skoalreedriden en as ôfsluting meie se no 'de tocht der tochten' ride. Mei offisjele stimpels en in koek-en-zopie fansels.

Sytske Trijntje ter Horst fan Snits is 100 jier wurden en se hat in prachtige dei mei allegearre ferrassings hân. Foar Hea! blêdet se it fotoboek troch, en dan komme de ferhalen los.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)