Hea! fan 12 maaie 2014 17:40

Siemen Valkema fan New Jersey is op dit stuit foar 2 wike werom yn syn bertedoarp Aldegea (SWF). Siemen is yn 1953, doe't er 13 jier wie my syn famylje nei Amearika emigreard. It is yntusken alwer acht jier lyn dat hy yn Fryslân west hat. Siemen sit hiele dagen op de fyts, strúnt wat om en genietet folop fan syn heitelân.

En de oerstap fan de kabouters nei de F-pupillen yn de fuotballerij is faak in te grutte stap. Dêr ha se by fuotbalferiening Blauw Wit yn Ljouwert wat op fûn. Sûnt heal maart binne se dêr begûn mei de Ministars. Elke sneon binne der ier en betiid op de fjilden fan sportkompleks Wiarda sa'n 50 bern te finen dy't as lanneteams yn de echte lannetenu's partijtsjes fuotbalje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)