Hea! fan 12 juny 2014 17:40

Hjoed barst it WK-fuotbalgeweld los en sa ek yn Harns. Foar Harrie Musscher kin it net "oranje' genôch. Fan 5 maaie ôf is hy al dwaande om syn tún te fersieren en hy is noch lang net klear. Foarige wike wie Hea! yn Harns om te sjen hoe fier oft Harrie al is.

Ut it Hea! argyf sjogge wy hjoed nei de Hea! ôflevering fan 14 febrewaris 2014.

Haiko van der Werff fan Drachten hat it skûtsje 'de Jonge Trijntje' kocht. Dit skip is yn 1909 boud troch syn oerpake. Mei in tal entûsjaste minsken binne se dwaande om it skip wer yn tradisjonele steat werom te bringen. Dat giet mei 4000 klinken en grof geweld...

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)