Hea! fan 12 jannewaris 2013

  • Krystbeammen opromje yn Lippenhúzen

De krysttiid is al wer achter de rêch en no moatte ek de krystbeammen de doar wer út fansels. Yn de gemeente Opsterlân hawwe se dêr de bern foar yn it spier. Wy wienen yn Lippenhuzen, dêr't de bern de beammen oeral wei sleepten, rinnend of mei de fyts. Yn ruil foar in lotsje mei in kâns op in priis.

Yn Easterlittens steane op de pleats fan Van der Woude de kij rêstich op stâl. Alteast, sa liket it. Want tusken de kij binne de 17-jierrige Silke en Lobke oan it wurk. Se skeare de keallen en hokkelingen want dêr wie it neffens de froulju oan it begjin fan in nije jier moai tiid foar. It is noch in hiele toer, want de bisten stean net moai stil fansels.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)