Hea! fan 12 jannewaris 2012

Op de pleats by Tallinus
Wybe, Ilse en Nynke komme hast alle dagen op 'e pleats fan buorman Tallinus Tijben yn Himmelum om him te helpen. De boer brûkt noch net de meast moderne apparatuer foar it melken, dus hy kin wol wat help brûke. Mar der moat fansels wol tiid oerbliuwe om te boartsjen en te sjongen.
 
De skippen fan Van der Goot
Leo van der Goot is 75 jier en hat boer west. No wennet er  mei syn frou yn in boargerhúske yn Heech. Om dochs wat om hannen te hawwen, bout er modelskippen fan boupakketten. Der stean al aardich wat yn 'e hûs. In skou, in boeier en in oarlochsskip binne al klear. Op 't heden is er dwaande mei in Deensk fregat. En foar it skeanmeitsjen hat er in moai trúkje.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)