Hea! fan 12 febrewaris 2016 18:20

De skoalbern fan ZML-MG skoalle De Lanen yn Drachten krije fierljeples yn harren eigen sportseal. Foar dizze skoalbern is dit yn hiele aparte en spannende ûnderfining. Jelle de Jager jout dizze les fanút it Fryske Fierljepbûn.

Ronald is de grutske eigener fan Tatoe-studio Lucky Shot yn Drachten. Hy hat syn dream wiermakke. Ronald is sûnt syn 12e al yn ’e ban fan tatoeaazjes. Hy hat allinnich de legere skoalle ôfmakke. Mar fjirtjin jier lyn is hy fia in omwei dochs noch as tatoeëarder oan de slach gien. En no hat Ronald sûnt sân jier in eigen saak. Hjir nûget hy ek bûtenlânske gasttatoeëarders út om te wurkjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)