Hea! fan 12 desimber 2016 17:35

Se binne al bekend yn it midden fan it lân, trede dêr wol op, mar se wolle ek graach Fryslân oan harren fuotten krije: sjongduo Ben en Ruurd. Al jierren befreone troch harren wurk by de deibesteging fan Talant yn Stiens. Mar Benjamin de Ruiter en Ruurd Woltring diele ek harren leafde foar de muzyk. Se ha al ferskate nûmers sels makke mei bypassende fideoklips dy't op Youtube stean. En sels op 3FM binne se al draaid. Mei de krystsingle 'Navidad en la Costa Dorada' hoopje Ben en Ruurd ek yn ús provinsje bekend te wurden.
Theo Zwerver en Feike Jan Jagersma fan wykbehear De Fryske Marren komme op harren rûntsje troch de gemeente in ferwûne stikelbarchje tsjin. Dêr moat in goed plakje foar socht wurde.

Ben en Ruurd

Sjongduo Ben en Ruurd út Stiens hat in krystsingle makke: 'Navidad en la Costa Dorada'. De jonges dogge alles sels, sjonge, mikse, fideoklip meitsje... Se binne al draaid op 3FM, no hoopje Benjamin de Ruiter en Ruurd Woltring ek op bekendheid yn Fryslân.

Stikelbaarch

Op harren rûntsje troch de gemeente komme de mannen fan it wykbehear De Fryske Marren by De Broek in ferwûne stikelbarchje tsjin. Se sykje in goed plakje foar it bist.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)