Hea! fan 12 desimber 2014 18:20

Jûn de lêste Hea!-útstjoering fan 2014.

De Talant-lokaasje Middelséhiem yn Ljouwert is hielendal yn 'e krystsfear. Meiwurkers ha sels holpen mei it de opbou fan de krystmerk. En ek har famylje komt op dizze jierlikse tradysje ôf.

Smidte Easterhei yn Sumar hat in bysûndere opdracht. Se meitsje alle ûnderdielen fan in beamhutte fan izer. It is in superyngenieuze put. Der wurde twa treppen makke en in soarte fan platfoarm foar yn de beam. Yn 2015 moatte alle ûnderdielen klear wêze en dan wurdt de hutte yn de beam pleatst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)