Hea! fan 12 desimber 2012

  • Aize Weening

It jierlikse krystbal is it feest fan it jier op it kristlik gymnasium yn Ljouwert. Mar alle jierren in nije jurk foar de krystdagen, is dat wol nedich? Miskien wol net, en dêrom kamen de froulju nei skoalle mei de âlde galajurken. Tsientallen galajurken kamen sa wer yn 'e ferkeap en moasten ek efkes op de 'catwalk' fansels. En tagelyk wie it ek nochris foar in goed doel.

Goeie! sizze we yn Sint Jabik by in stel dat drok dwaande is mei it snoeien fan de beammen op it hiem. En as it wurk dien is, hawwe se in goed plak foar it houtfjoer.

Yn Dokkum ferkeapet Aize Weening al 25 jier krystbeammen. Achter it hûs stiet it wer hielendal fol. Weening nimt der elk jier spesjaal frij foar om syn klanten te helpen. In nepkrystbeam komt der by him dan ek net yn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)