Hea! fan 12 desimber 2011

Yn Garyp hawwe sân jonges in klup. De 'vurige 7' neame se harren. Se hawwe in echt kluphûs, in grutte beamhut. En se hawwe in kluppotsje. Dêr moat wol wat yn fansels en dêrom binne se yn te hieren foar it dwaan fan putsjes. Hea! hie fansels ek wol in putsje.

En yn Goeie! binne wy op De Gordyk. Dêr stiet in man te fiskjen. De fisken binne neffens him op fakânsje, mar it giet him ek net écht om it fiskjen. Je kinne sa maklik in praatsje meitsje oer wat der sa bart op De Gordyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)