Hea! fan 11 septimber 2013

  • kapper Nip Appelskea

Yn Vegelinsoard giet Froukje van Keimpema alle dagen hin en wer mei har pontsje Nye Skou. Ditkear is se in ôfwachting fan har 8-tûzenste klant fan dit jier om oer te setten. Se hat der noch mar in pear needich mar at je der op wachtsje moatte dan duorret it altyd langer. Dus alle tiid om de pont te fersieren. Mar lang om let wurdt it hichtepunt dan berikt. En de 8-tûzendste krijt net allinnich de felisitaasjes mar ek in stik eigenmakke gebak yn de theetún fan Froukje van Keimpema.

Yn Appelskea knipt kapper Nip allinnich noch syn fêste klanten op ôfspraak. Nip is al op jierren mar kin it knippen dochs net litte. Yn syn kapperssaak liket it wol at de tiid stilstien hat....

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)