Hea! fan 11 septimber 2012

Wa kin it klupliet fan Cambuur 'it Woanskip' moaier bringe... Anneke Douma of Mucke? Mucke is in pappegaai en syn bazen binne gek fan Cambuur. En Mucke dus ek... Hy fluitet en sjongt net op bestelling, mar wa wit lit er ús wol wat hearre.

En yn Goeie! treffe wy in Penjum in man foar it hûs. It petear giet al gau oer syn 'lytse dreumes', dy't sa lyts net blykt te wêzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)