Hea! fan 11 oktober 2016 17:35

Hûntsje Scooby hat yn Spanje tolve jier ûnder in hûs oan in ketting fêst lein. Doe't er drige ôfmakke te wurden, hat Joep van Mourik út Ljouwert him adoptearre. En Scooby fielt him hjir al hielendal thús, hy ferstiet sels Frysk. As Joep en Scooby te kuierjen gean, belibbet Scooby foar it earst yn syn libben in swimaventoer.

Op de Biltdiken is hiel wat hannel te finen. Tsientallen Biltkers ha in sneuphok oan hûs dêr't fan allerhande guod te keap is. Ek yn de skuorre fan Yde Westra fan Sint-Jabik is alles te keap. Fêste iepeningstiden docht Westra net oan, as er thús is, is it hok iepen. En dan is it wachtsjen op klanten...

Strune op It Bilt

De frou hat der gjin nocht oan, mar Yde Westra fan Sint-Jabik fynt it moai om wat te hanneljen. Yn syn hok is fan alles te keap, mar dan moatte der wol wat klanten komme.

Hûntsje Scooby

Yn Spanje waard hûntsje Scooby 12 jier lang fêsthâlden oan in ketting ûnder in hûs. No hat Joep van Mourik fan Ljouwert him oer it bistje ûntferme. Scooby moat noch wol wenne oan it Fryske lânskip.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)