Hea! fan 11 novimber 2015 18:20

Oeral yn Fryslân binne froulju oan it haken foar de grutste lapketekken fan de wrâld. We sjogge yn Stiens, dêr’t se ek drok dwaande binne. Der moatte sa’n 2,8 miljoen lytste fjouwerkantsjes haakt wurde. Dat is sa’n fiif fuotbalfjilden fol, om yn it Guiness Book of Records te kommen. De tekken wurdt presintearre yn 2018, it jier dat Ljouwert de Kulturele Haadstêd fan Europa is. Jo kinne ek noch meidwaan. Sjoch www.paletgroep.nl/samenhaken.

Meinte Piet Portena is 18 jier en is no al hoerder by lânskipsbehear Terra Joure. Hy hat meardere keppels skiep ûnder syn behear. Ien dêrfan is noch wol lyts, mar hiel spesjaal. De raam hjit Alexander de Grote en Meinte Piet hopet dat dy foar in soad jongen soarget. Hy is hiel grutsk op dizze keppel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)