Hea! fan 11 maart 2016 18:20

Maitiid yn Harns... en dat is goed te fernimmen op de pleats fan Hendrik Sijtsma. Der binne al mear as 300 lamkes en it is in drokte fan komsa. De skiep en harren lamkes krije by Sijtsma in moai eigen plak.

Willem Stienstra is trije kear yn de wike yn de sportskoalle yn Snits te finen. Op himsels is dat net sa bysûnder, mar Willem is 82 jier en al 32 jier in fanatike krêftsporter. Tegearre mei syn maat Jan swit er hiel wat ôf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)