Hea! fan 11 maaie 2015 18:20

Gerrit Soldaat neamt himsels 'playboy' en dat hat neat te krijen mei froulju, mar alles mei it skjinmeitsjen fan húskes. Gerrit rydt de hiele provinsje troch om mobile húskes te leegjen en hy fynt it absolút gjin smoarch wurk. It rûkt júst hearlik.

"Je moatte boartsjen bliuwe," dat is it libbensmotto fan Hanneke Hofstra fan Aldhoarne... as je dat net mear dogge dan wurde je âld. Hanneke is binnenhûsarsjitekt en makket de moaiste miniatuer meubels. Se is al in pear jier dwaande mei it ynrjochtsjen fan har poppehûs en se hat gjin haast. 'It hoecht net ôf, ik gean der mei oan 'e gong as ik nocht ha.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)