Hea! fan 11 desimber 2015 18:20

Marjet, Heleen en Hannah de Boer fan Boalsert binne hielendal sljocht op 'Kawaii'. Dit is it Japanske wurd foar skattich. Yn de webwinkel fan de trije suskes binne dan ek allinnch mar hiele skattige Japanske dinkjes te krijen. It Japanske guod wurdt ynpakt en ferstjoerd út it magazyn yn Boalsert wei.

Meike Nienhuis sammelet al mear as 30 jier krystfersiering. Se wit dan ek alles oer de skiednis fan de krystbeam en alles wat der yn hinget. Op dit stuit is in grut part fan har krystsammeling te besjen yn it Fries Scheepvaartmuseum yn Snits.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)