Hea! fan 11 desimber 2014 18:20

Ha jo jo trouring ferlern? Dan moatte jo jûn sjen! Gea Slingerland en Auke de Ringh wurkje beide by in pompstasjon en hawwe beide in bysûndere fynst dien. Se ha elk in trouring fûn en dogge tegearre in oprop. Wa wit en fine jo jûn jo ferlerne trouring werom!

By de earste Europashow foar Fryske hinnen en piken is Harm Jan Brink Europeesk kampioen wurden. Harm Jan hat it pikefirus fan syn pake urven, dy't ek Fryske pikerassen fokte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)