Hea! fan 10 septimber 2014 18:20

Yn Jirnsum wie it op 28 augustus dûbel feest. Op ien en deselde dei binne de suskes Marieke en Aaltje befallen fan in dochter en in jonkje. Der sieten mar in pear oeren tusken. Ferloskundige Anna-Rixt Albertsma hie de iene poppe op de wrâld holpen en lei noch mar in healoerke wer op bêd, doe't de oare poppe him melde.

Jehannes Hibma fan Wommels hat tolve jier lang dekôrs ûntworpen foar ferskate iepenloftspullen. Op in gegeven momint is hy dêr mei stoppe en hat hy sa'n 20 jier taksysjauffeur west. Mar it bloed krûpt dêr't it net gean kin en hy is in nij libben begûn. In dream is foar him útkommen op it nije plak dêr't hy no opnij dwaande is mei keunst yn alle foarmen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)