Hea! fan 10 septimber 2012

Yn Kûkherne stiene de midsieuwen sintraal yn de feestwike. By de famylje Van der Veen hawwe se, tegearre mei de buorlju, in stikje 'besmet gebiet' makke, mei 'de swarte dea' as ûnderwerp. Kompleet mei jittik en al.

En Yvonne van Bruggen út Harns is al mear as 4 moanne har kat kwyt. Lola is in grize Somali kat, en Yvonne mist har ferskriklik! Se hat oeral al socht, en sels de help fan in heldersjende ynroppen. It ferdwinen fan har kat lit har net los, en no is se begûn mei it skilderjen fan har Lola.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)