Hea! fan 10 oktober 2016 17:35

In Fryske twastriid om de lekkerste gehakbal fan Nederlân. Slachters Gerk Biesma fan De Pein en Sybren Wip fan Hallum binne beide yn de race om dizze titel binnen te slepen. Se mjitte harren mei de bêste slachters fan Nederlân. Wat is it geheim fan de ballen fan Biesma en Wip?
Yn Wikel bringe Jouke en syn buorman in âld matras nei it stoart. Jouke hat it nij bêd kocht, mar no noch in freondinne dy't der mei him op lizze wol.

De lekkerste gehakbal

Wat is it geheim fan in goeie gehakbal? Slachter Sybren Wip fan Hallum en Gerk Biesma fan De Pein witte der alles fan, se dogge mei oan in lanlike fakwedstriid. Wa wint de Fryske twastriid?

Jouke bringt in bêd fuort

Jouke de Vreeze út Wikel is foar elkenien in 'goeie freon'. Sjogge froulju him dêrom oer de holle?

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)