Hea! fan 10 oktober 2013

Jurjen Wopke Algra fan Berltsum hat in probleem. Hy kin it net útstean dat der yn de útstjoerings fan Omrop Fryslân radio troch de presintator somtiden gjin Goeiemoarn of Goeiemiddei tsjin waarman Piet Paulusma sein wurdt. Hy krijt der suver in min sin fan en dêrom skreau mem in brief nei de Omrop. It Hea! team gie mei Piet Paulusma nei Berltsum om Jurjen Wopke út te lizzen hoe't it komt dat Piet somtiden net groeten wurdt.

Sieger van der Goot wurket al hiel lang by de Hema yn Drachten. It magazyn is syn wurkplak, mar Sieger komt oeral. Hy is bysûnder wiis mei de froulju en sy ek mei him.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)