Hea! fan 10 novimber 2016 17:35

Troch syn motoaryske beheining is it foar Chiel ter Haar (15) fan Ljouwert net mooglik sels te fuotbaljen. Mar dat kompensearret hy mei in grutte samling fuotbalguod fan alle Nederlânske klups. Mei in foarleafde foar Hearrenfean en Cambuur. Fuotbalskuon, shirts, keepersmoffen, sjaals, fan alles hat hy. It leafst droegen troch de spilers sels. En om der oan te kommen hat Chiel in hiele taktyk betocht.
Foar de 80-jierrige Douwe Meinderts Bonnema fan Grou hie it libben syn glâns ferlern doe't hy in pear jier lyn syn frou ferlear. Mar in skilderkursus brocht him wer yn kontakt mei âlde en nije freonen. Yntusken hinget syn earste eksposysje yn gallery Het Pand yn Grou. En hat Bonnema in stik libbensgenot weromfûn.

Fuotbalsammeling

Chiel ter Haar (15) hat in grutte fuotbalsammeling op souder. Hy hat fan alles, fan fuotbalshirts oant keepersmoffen. Chiel hat fan alle Nederlânske klubs wol wat, mar it meast gek is hy op SC Hearrenfean, ek al wennet hy yn Ljouwert.

Eksposysje Bonnema

Op syn tachtichste hinget de earste eksposysje fan Douwe Meinderts Bonnema yn gallery Het Pand yn Grou. It skilderjen hat Bonnema nei it ferlies fan syn frou net allinnich nije kontakten oplevere, mar ek wer fleur yn it libben.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)