Hea! fan 10 novimber 2014 18:20

Heit en soan Gabe en Pieter Draaijer hawwe in leanbedriuw yn It Heidenskip. Gabe hat hiele minne eagen en sjocht hast neat mear. Dêrom docht hy de planning fan de wurksumheden en docht Pieter it fysike wurk. Yn Molkwar hawwe se in moaie put wurk. Dêr moat 30 ton aaidoppen oer it lân struid wurde. En dat hawwe se noch nea earder dien.

En we sizze Goeie yn Dronryp...

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)