Hea! fan 10 novimber 2012

Ybe Duursma fan Teridzert is al 93 jier en noch in hiel tefreden man. Middeis bringt hy syn tiid graach troch yn syn hok op it hiem. Dêr leit hy graach efkes tusken syn samling lânbou-ark. Neffens him net 'gewoan' op bêd, want 'op bêd geane je dea.'

Op De Lemmer tikje wy oan 'e doar fan in boukeet. Dêr sitte 4 manlju yn, dy't wachtsje op de tradisjonele 'snack' dy't de baas op freedtemiddei ophellet...

Yn Furdgum wurdt alwer in skoftke wurke oan in hûs fan seadden. Archeologen fan de universiteit fan Grins bouwe it hûs yn waar en wyn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)