Hea! fan 10 maart 2016 18:20

Ome Poort fan Harns wie in opfallende ferskining. Sa tinke de suskes Wilkes werom oan de grutte muzykleafhawwer. Poort iepene yn 1924 in muzykwinkel yn Harns. Nei goed fjirtich jier waard de saak oernaam troch de heit en mem fan Sophie en Jeannette. Yntusken is de saak ferpleatst nei Ljouwert en sûnt 2008 binne de suskes eigener fan Poort Music. Se fine it noch altyd machtich moai om te dwaan.

As Sita de Haan fan Haulerwyk in kadootsje krijt, rint se in risiko. Ut twa kadootsjes út har ferline binne twa ûnbidich grutte samlingen groeid. De keamer stiet grôtfol mei guod fan blau glês en mei bearen. Mar der is mar ien bear dy't se it leafst oankrûpt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)