Hea! fan 10 maart 2012

In bysûnder troupear jûn yn Hea! Fokke Miedema en Baukje de Boer út Burgum binne krekt troud. It binne net mear de jongsten... Fokke is al 80 en Baukje 75 jier. Baukje hie nea tocht dat se wer trouwe soe, mar Fokke hold oan. Mar wa hat wa no frege.

Doede Westra fan Koatstertille hat mar in lyts fytsehok, mar dochs passe der wol tsien fûgelkouwen yn. Dêr sitte syn rôze collies yn. In fûgeltsje dêr't Doede hielendal gek mei is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)