Hea! fan 10 maaie 2016 18:20

It is allegear noch efkes wennen foar de tolve nije skippers op de nije pont by Grou. Om bar binne se foaral mei dit moaie waar folop yn aksje. It is machtich moai wurk en it pontsje fart hûnderten kearen wyks op en del.

Tusken Makkum en Hylpen, by Ferwâlde is it in kleurige blommesee. De fjilden mei tulpen stean der prachtich by. Mar net lang mear, want se wurde hjoed koppe. De tulpekweker moat it no ienkear hawwe fan de bollen en net fan de blommen. Kweekbedriuw Alliance út Noard-Hollân hat in bêst stik grûn fûn yn Fryslân. Mei masines en mei de hân binne se omraak oan it tulpekopjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)