Hea! fan 10 juny 2014 17:40

Annet Travaille en Jan Bok fan Frjentsjer ha in skoftsje ferlyn mei harren grutte mûle sein, dat se op pinkstermoandei de Alvestêdetocht wol efkes fytse sille.
Der is net al tefolle traind, mar juster ha se dochs meidien. Jûn sjogge wy hoe't it mei harren gie, oft se it helle ha en hoe't it hjoed mei harren is.

Ut it Hea! argyf sjogge wy hjoed nei de Hea! de ôflevering fan 6 jannewaris 2014.

Yn Koarnwert stiet de Koarnwertermûne. Der binne net safolle mûnders dy't yn 'e winter it wetter út de polder pompe, mar Martin de Jong en John Hutchinson dogge dat wol.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)