Hea! fan 10 juny 2013

  • Ilse Zondervan

In bysûnder gesicht yn Koarnjum... Dêr kinne je Ilse Zondervan tsjinkomme. Op in ientsjiller mei in hoanne ûnder de earm! Ilse hat de hoanne sels grutbrocht en it bist is dus wol wat wend. Ilse kin geweldich fytse op har ientsjiller. En de hoanne bliuwt moai rêstich sitten....

En fan hjoed ôf alle dagen wer in reportaazje út ús argyf fan it ôfrûne healjier. Hjoed de werhelling fan in reportaazje fan 10 jannewaris 2013.
Yn Piet van der Meulen fan Fryske Peallen sit noch altyd it bern. Syn mem hie al in boartersguodwinkel en Piet is eins wol wat yn dizze tiid hingjen bleaun. Yn syn eigen romte stiet it fol mei modelautootjes, playmobil en oar guod dat de frou net yn hûs ha wol. Boartersguod mar net foar bern.....

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)