Hea! fan 10 desimber 2014 18:20

Hjoed mocht it: sporte op 'e autodyk. Bern fan de basiskoallen tichtby de Heak om Ljouwert mochten woansdeitemoarn op de grutte dyk basketbalje, estafette rinne en muorrekeatse. Noch efkes en dan raze hjir aanst de auto's wer oer de dyk. Dus dat sporten is mar ien kear en nea wer. De bern fûnen it dan ek geweldich!

En foar Germ de Jong binne it wer topdagen. Hy ferkeapet al 46 jier krystbeammen op De Jouwer. It is syn grutte passy. De Jong is no 77 jier mar wol seker noch trochgean oant syn tachtichste.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)