Hea! fan 10 desimber 2012

  • Scania Henk Sjollema

De waarman hie ús in pak snie tasein ôfrûne freed, dus Henk Sjollema fan Boalsert wie der al hielendal klear foar. As der in soad snie leit wol hy der graach op út mei syn âlde Scania. Net allinnich kloppet syn hert hurder as er yn dizze frachtwein op paad is, mar ek kin hy ûnderweis noch fan nut wêze.
Yn de ôfrûne strange winter hat Sjollema regelmjittich op paad west om mei syn grutte Scania auto's út de snie te lûken dy't stekken bleaun wienen. Mar dat siet der ditkear noch net yn.

By 'Katten in Nood' yn Drachtsterkompenije sitte se altyd rom yn 'e katten, mar der binne der no wol in hiele protte. Net allinnich katten dy't net mear thús bliuwe koenen wenje hjir no, mar der binne ek wol mear as 50 jonge poeskes. En dy moatte eins wol sa gau mooglik wer fuort.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)