Hea! fan 10 desimber 2011

Yn Sânhuzen falt it hûs fan de famylje Boon yn dizze tiid wol op. Peter en Willy Boon binne gek fan krystfersiering en dat is yn en om it hûs wol te sjen. Willy hat har wer hielendal útlibbe yn har krystdoarp yn 'e wenkeamer. Foarfallen út it libben fan it ôfrûne jier binne der sels yn ferwurke. En bûten hat Peter wer alles yn it krystljocht set. It betinken en wer klearmeitsjen fan 'e krystfersiering smiet ek stress op. Mar no't it klear is, is it genietsjen foar it stel.

Yn De Houtigehage is in man fûgelhúskes oan it meitsjen. It is foar in goed doel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)