Hea! fan 10 april 2015 18:20

Tsjerkgaast, wynkrêft sân... It giet need...Is it in ridende surfplanke? Is it in iissylboat mei tsjiltsjes? Nee, it is Sjouke Age op syn blowkart! Mei snelheden fan wol 40 kilometer yn 'e oere racet de fyftjinjierrige Sjouke Age Bouma troch de omjouwing. Mar is in soad wyn wol handich? Der sitte gjin remmen op syn kart...

Al mear as 60 jier is de freoneploech byelkoar. Doe't se jonkjes wiene gongen se te figuerseagjen, te kampearjen en dan wer ris te kanoën. No komme se elke wike byelkoar om te kaarten en sterke ferhalen te fertellen yn de achterkeamer fan Willem Kooistra yn Drachten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)