Hea! fan 10 april 2014 17:40

It wettersportseizoen set wer útein, de brêgen binne wer iepen en in soad boateigeners wolle harren boat gau it wetter yn ha. En dat betsjut drokte by de winterstallings fan boaten. Sa ek by jachtskildersbedriuw Kooistra yn Akkrum. Dizze winter hiene Koos Kooistra en syn soan Durk sa'n 160 boaten yn de stalling en dy moatte der no allegear wer út. In lytse sloep ha de Kooistra's samar yn it wetter mar by in grutte kruser komt der mear sjen.

En Klaas Lenstra is moolner fan de mûne Windlust yn Wolvegea. Hy is berne yn it hûs neist de mûne en learde it fak fan syn heit, dy't de lêste breamoolner fan de Windlust wie. Sels wurke Klaas by Philips yn Drachten. Yntusken is hy mei pensjoen en bringt hy de measte tiid op 'syn' mûne troch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)