Hea! fan 10 april 2013

Aant de Haan fan Wurdum wol alle dagen graach de ierappels skile. Mar troch de reuma is dat net altyd like maklik. Mar De Haan is in fernimstich man. En fan wat ûnderdielen fan oare apparaten makke hy syn eigen ierappelskylmasjine.

Mem en dochter Carla en Claudia Jongendijk hawwe sûnt koart in eigen patatkarre. Ditkear stean se mei Us Stekje tsjinoer de skoalle yn Waskemaar. It wurkjen tegearre befalt de froulju tige goed. De bern dy't patat helje liket it wurkjen mei je mem net altyd like geweldich. Sjoch ek www.facebook.com/UsStekje

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)