Hea! fan 10 april 2012

Yn Aldemardum binne de strjitten hieltyd wiet! In groep freonen reest dêr oer de dyk mei harren selsmakke skelters mei jarretanks. Die tanks sitte net fol mei jarre, mar mei wetter. Se binne al sûnt se lyts wienen mei de skelters op paad en hawwe der in soad wille mei fansels.

Yn Twizel komt in skoalklasse op it hiem fan de famylje Van der Veen. De pake- en beppesizzer en har freondinne sille dêr in sprekbeurt hâlde. Pake en beppe hawwe in soad bisten, en ek walibi's. En dêr giet de sprekbeurt oer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)