Hea! fan 1 oktober 2014 18:20

Ferrustke of nagelnij, djiplader of mei kap. Elke frachtwein is in 'beauty' en truckspotters sjogge dat. Snitser Reinder Meijer en syn maat Peter de Boer fan Surhústerfean binne sawat trije kear yn de wike te finen op de drokkere krúspunten yn Nederlân. Se meitsje foto's fan alle typen frachweinen en sette se dêrnei op ynternet en op sosjale media.

Elk jier om dizze tiid hinne fielt Wietze Jorna him wer efkes in lyts bern. Hy nimt dan in pear dagen frij fan syn wurk om syn maat te helpen by de rispinge fan mais. It is hurd bealgjen mei in moaie ploech en se fine it machtich om te dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)