Hea! fan 1 oktober 2013

In âlvestêdetocht fiskje, dat like in groepke maten út Frjentsjer wol wat. De 7 manlju gean elk jier in lang wykein mei inoar te snoekjen. En nei Sweden,Scotlân en Ierlân moest it no marris yn eigen lân. En wêrom dan net de âlvestêderûte? Ofrûne freed fertrokken de manlju yn twa boaten. En de angels wurden al gau yn gebrûk naam. De dobbers fleagen alle kant út, ek de ferkearde.
(de tocht smyt úteinlik 50 snoeken op, de langste wie 97 sintimeter).

De cup-song raazje is ek oerslein op de bern fan it Bornego Junior College op It Hearrenfean. Sa'n 250 bern hawwe earst wiken lang oefene mei de trije bekers en de muzyk. En juster wie it dan safier, in poging ta it earste Fryske cup-song rekord.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)