Hea! fan 1 novimber 2016 17:35

Wat is dochs it geheim fan de bakkers fan Olmenes yn Appelskea. Safolle bakkers yn Fryslân en Jelle van der Woude hat mei syn acht topbakkers alle krantekoppen helle. Se meitsje de hearlikste spritsen, Fryske dúmkes en folde koeken. Mar mei harren spekulaas binne se de bêste fan Fryslân.

Hoe’t beppe dat eartiids die, kin net ien him mear foarstelle. Op de hân, yn de blikke en mei in waskboerd. By it Wasch Museum yn de Grinzer Pein steane alle mooglike waskmasines en alles wat der by heard fan begjin 1900 ôf. By elke masine is wol in moai ferhaal en Bettie en Iske Hummel fertelle der graach oer.

De bêste spekulaas fan Fryslân

De bakkers fan Olmenes yn Appelskea binne tige grutsk. Fan alle bakkers yn Fryslân ha se in priis foar de bêste spekulaas.

It waskmuseum

Bettie en Iske Hummel fan de Grinzer Pein hiene in lege stâl. In goeie freon hie dêr in moai idee foar. Sûnt fjouwer jier jout it echtpear rûnliedingen yn harren Wasch Museum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)