Hea! fan 1 desimber 2016 17:35

It doarpshûs fan De Rottefalle wurdt ferboud. En dat betsjut dat muzykkorps Polyphonia op syk moast nei in alternative oefenlokaasje. Yn de skuorre fan it âldste spyljende lid, Sierd Bron fan 86, waard ûnderdak fûn. En dat slagget wol, ek al moat der wolris repeteard wurde mei de jas oan...

Frou Boersma fan Burgum makket fan plestik pûdsjes de moaiste krânsen. Se kin der hast net mei ophâlde, de hiele dei is se dwaande mei har nifelwurk. De mienskipsromte yn Berchhiem hinget al fol, mar se krijt ek wol bestellings. Soms giet it hast wol wat te mâl...

Polyphonia De Rottefalle

Korps Polyphonia fan De Rottefalle oefenet mei de jas oan yn de skuorre fan ien fan harren leden, salang't it doarpshûs noch ferboud wurdt.

De pûdsje-krânsen fan frou Boersma

Frou Boersma kin hast net ophâlde mei it meitsjen fan krânsen fan plestik pûdsjes. De mienskipskeamer yn fersoargingshûs Berchhiem yn Burgum hinget al hielendal fol.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)