Gewest Fryslân fan 9 septimber 2012

Ien fan de earste reportaazjes dy't troch Van Gewest tot Gewest oer Fryslân útstjoerd waard is fan 11 febrewaris 1965: it fernijde Sint Anthony sikehûs yn Snits. En ja, it wie doe 'Sint', de nontsjes wiene noch suster. Fierder in reportaazje oer de Snitser hotelhâldster Jikke Ozinga fan 1991.

Gewest Fryslân:
Alle sneinen fan fiif oere ôf dûkt Omrop Fryslân Tillevyzje tenei yn it ferline. Dat dogge se oan de hân fan it programma Van Gewest tot Gewest, dat fan 1965 oant 2004 te sjen wie op NTS, NOS en NPS. Omrop Fryslân hat de beskikking krigen oer de Fryske reportaazjes fan dit programma. Alle sneintejûnen binne dy tenei werom te sjen.

Johan van der Zee, de Fryske redakteur fan Van Gewest tot Gewest tusken 1968 en 2002 , fertelt dêryn oer syn wurk en de reportaazjes yn in nij programma fan Omrop Fryslân oer âlde saken: Gewest Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)