Gewest Fryslân fan 9 desimber 2012

Fuort nei de oarloch, yn 1946, gie Tetman de Vries yn Fryslân op stap mei syn revu. Tegearre mei broer Jarich. It selskip Tetman en Jarich. Ferneamd, hiel Fryslân kaam derhinne. It hâlde lang stân, ek de hjoeddeiske kabaretier Rients Gratama begûn yn it selskip fan Tetman de Vries, njonken de frou fan Tetman, Mine en de bern. Dat hâlde it dêrnei noch in tiidlang fol, mar yn de 80-er jierren wie't wol sawat dien. Mar doe't Tetman yn 1985 70 jier waard, wie der yn Bitgummole in feestje. Van Gewest tot Gewest makke dêr in reportaazje fan dy't hjoed te sjen is yn Gewest Fryslân.
Fierder litte we sjen dat de draaimole fan Buwalda 50 jier lang yn Warten draaid hie yn 1976 en dat dêr fansels ek in feestje fan hâlden waard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)