Gewest Fryslân fan 9 april 2016 17:00

Hoe komme je no fan de mummys fan Wiuwert by de keatser Hotze Schuil? Yn 1990 barde dat yn in reportaazje foar Van Gewest tot Gewest. Der wie nammentlik in stripboekje makke oer Fryske tradysjes en dêr kaam dat ta yn utering en Van Gewest tot Gewest makke der itselde fan. Sa ûntstie eins in moaie dokumintêre oer Hotze Schuil.

Ek in reportaazje út 1988: doe seach Van Gewest by de lêsklup fan Aldebiltsyl. Soks bestie noch, as oerbliuwsel fan de yndertiid âlde resitearklups. Ek de mannen yn Aldebiltsyl hiene allegear eigen tradysjes, lykas dat froulju net meidwaan mochten. En in moaie namme, Ledige Uren Nuttig Besteed.

Gewest Fryslân: sneons om 17.00 oere. Dêrnei fan 18.15 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Telefyzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)