Gewest Fryslân fan 7 febrewaris 2013

Yn dizze Gewest Fryslân: Keunst en Frysk Festival

It Frysk Festival hat altyd yn ‘e belangstelling stien fan it programma ‘Van Gewest tot Gewest’. Der barde altyd wol wat bysûnders by it festival, sa sil redakteur Johan van der Zee fertelle.

Yn dizze ôflevering fan Gewest Fryslân binne reportaazjes te sjen út 1990 oer in foarstelling fan Suver Nuver op de helling fan Warkum, oer Dûnspaleis Jericho, en oer de Frysk Festival artyst by útstek, Ids Willemsma, dy't tûzenen klompen yn see smiet en dat keunst neamde. Dat leaude elkenien yn 1991.

Gewest Fryslân, om 17:00 oere en dêrnei fan 18:30 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)