Gewest Fryslân fan 6 juny 2015 17:00

Op It Hearrenfean is in Van Maasdijkstrjitte en skoalle mei deselde namme. Clement van Maasdijk wie in loftfeartpionier. Hy hat yn 1910 op in grut feest fan de Hearrenfeanske middenstân wat fluchten útfierd boppe Hearrenfean. It soene de earsten yn Nederlân wurde, mar Johan Hilgers wie him twa dagen foar. Van Maasdijk hie sukses op It Hearrenfean, mar stoarte trije wike letter del yn Arnhem en ferstoar. Yn Gewest Fryslân in reportaazje út 1990 oer dizze Van Maasdijk, dêr’t ek noch in byld fan bestiet op It Hearrenfean. Fierder yn dizze Gewest Fryslân in reportaazje fan 1989 oer it tekoart oan mitselers, oan echte faklju yn dy tiid. De technyske skoalle yn Boalsert nimt maatregels.

Gewest Fryslân te sjen om 17.00 oere hjir nei alle oeren nei Hjoed.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)