Gewest Fryslân fan 6 juny 2013

It programma Van Gewest tot Gewest makke eartiids meast Fryske reportaazjes fan sa'n seis oant tsien minuten. Sa no en dan wiene der langere stikken. Lykas as we jûn sjen litte yn Gewest Fryslân, in reportaazje oer keatsen yn Fryslân. Hy komt út 1972 en ds J. Kalma is de lieder dy't de sjoggers útleit hoe't de keatswrâld yn elkoar sit. De makker fan doe, Johan van der Zee, fertelt dat je doe keatsen eins net yn byld bringe koenen en hoe't er it sa'n bytsje dien hat. Mar wat se doe seinen yn de reportaazje, dat it net foar tillevyzje te krijen is, kin Van der Zee no net mear ûnderskriuwe, dat blykt no wòl it gefal te wêzen. Mar we sitte jûn dus yn it âlde spul, mei Jan Rodenhuis, Auke Achenbach, Hotze Schuil, Cees Roersma en Johan Halbesma.

Diel dit berjocht op:

Gewest Fryslân

It lanlike programma Van Gewest tot Gewest hat alle bylden oer Fryslân beskikber steld oan Omrop Fryslân. Yn Gewest Fryslân binne dy histoaryske bylden te sjen. It programma wurdt sneons útstjoerd fan 17.00 oere ôf. Hjir nei alle oeren te sjen nei Fryslân Hjoed.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneonen om 17.00 oere.
(advertinsje)