Gewest Fryslân fan 5 septimber 2015 17:00

Gewest Fryslân lit reportaazjes sjen fan it programma Van Gewest tot Gewest, op it nasjonale net, fan 1965 oant 2004. Eelke Lok praat mei Johan van der Zee, dy't de measte Fryske reportaazjes makke hat.

Yn april 1966 is Sjoerd Span, letter foarsitter fan it ljeppersbûn, te aaisykjen. De polsstôk op it dak fan syn Kever. Skitterjende bylden fan ljippen dy't fan it nêst komme en in ljeppende Sjoerd Span. Hy fynt twa aaikes en docht se yn de pet. De kwaliteit fan de bylden is ferrassend goed.
Yn 1974 stiet Nederlân yn de kwartfinale fan it WK yn Dútslân en elkenien hat it oer fuotbal. Johan van der Zee makke in reportaazje mei Abe Lenstra, de man dy't dêr ek ea stean moatten hie. Moaie bylden fan fuotbaljen mar ek fan Abe Lenstra dy't mei Heerenveen-foarsitter Huisman en teamgenoat Hennie Jonkman praat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)